Der wie ris in húske foar seks en fertier En elts is der wolkom foar genot en foar bier Foar wâldpyk, foar biltker, foar klaaiklút en boer En de frou fan de koster dy spilet de hoer
‘t Is it Willehúske, foar seks en fertier ‘t Is it Willehúske, muzyk protte bier Ik fûn dêr in famke, hja stinde wat dreech Mar nei in heale oere myn beurs wie leech
Sels de boargemaster dy komt hjir as klant Hy wit him gjin hâlding mar it giet om ‘e stand It doarp sprekt skande oer it hiele gebou Mar wy fine it skande foar de koster syn frou
‘t Is it Willehúske, foar seks en fertier ‘t Is it Willehúske, muzyk protte bier Ik fûn dêr in famke, hja stinde wat dreech Mar nei in heale oere myn beurs wie leech
It húske yn Wommels dat fleach yn ‘e brân Se wie oan it wurk mei in peuk yn ’e hân It rikke it wie hyt en se bin hast fergast En de frou fan de koster ferbaarnde ien boarst
‘t Is it Willehúske, foar seks en fertier ‘t Is it Willehúske, muzyk protte bier Ik fûn dêr in famke, hja stinde wat dreech Mar nei in heale oere myn beurs wie leech
It rûkte nei rubber it wie read oan de loft Hja skreauden en skriemden it wie net om ’e nocht De koster die kaam op de hjitte doe ôf Hy socht nei de hoer mar hy fûn doe syn frou