De Prinsetún yn Ljouwert, we sitte drinke bier We reitsje smoar besopen, mar we hawwe in soard fertier We folgje dan ús tinzen en rinne nei de stêd We sykje wat te fretten, want we bin noch lang net sêd
Ja we swalkje troch Ljouwert, jipajee Langs Griene Wei en Aldehou, nei Nijstêd, V&D Ja we swalkje troch Ljouwert, jipajee Ik haw gjin sint om hannen, mar ik sjong oladiee
Ik rin dan oer it Saailân, troch Doelesteech werom Ik sjoch nei foarbygongers, se sjogge net nei my om Ik gean dan nei de Foarstreek, dêr stel ik dan in brea Sûnder kin ik net leve want dan wie ik al lang dea
Ja we swalkje troch Ljouwert, jipajee Langs Griene Wei en Aldehou, nei Nijstêd, V&D Ja we swalkje troch Ljouwert, jipajee Ik haw gjin sint om hannen, mar ik sjong oladiee
Ik rin nei it stasjon ta, lâns it grut kapitaal Ik ha der neat sykjen want wy bin a-sosjaal As ik der dan bin, dan gean ik wer werom Foar in kaartsje ha ‘k gjin jild, dus ik mei net op ‘t perron